Op sneon 4 febrewaris sil de Koudumer band Cajun Beano lykas ferline jier wer in bisûndere jûn organisearje yn De Klink.
Neist in eigen optreden fan de Beano’s hawwe alle bandleden ek harren âlde bands frege om in diel fan de jûn te fersoargjen mei in ‘reüny-optreden’.

Ek de band Jarje sil dan optrede. Jarje spilet al jierren net mear, mar op dizze spesjale Cajun Beano-jûn wolle se it graach noch ien kear besykje.

Jarje wie fanôf 1975 in begryp yn Fryslân. As Frysktalich folktrio (Hille Faber, Jos de Vries en Pieter Immenga) hawwe se likernôch alle sealen en poadia fan Fryslân oandien. Doe’t de folk letter in bytsje yn ‘e nederklits rekke, wurde de band elektrysk, dat wol sizze útwreide mei in bassist (Harry Koch) en in drummer (Thys Wadman).

Yn dizze formaasje -letter noch oanfuld mei gitarist Werner Rinia- hat Jarje û.o. in pear kear op Aaipop stien. Der is ek in lp makke – ‘Boerebal’. Fan dizze lp – dêr is no ek in cd fan beskikber- sil de band ferskillende nûmers spylje.

In lêste – of earste?- kâns, om de mannen fan Jarje noch ien kear te sjen!
Poster 4 Feb